Nijs en Aginda
Untbleating byld Aksje 'Ode aan de Revalidatie'
 

-

Tongersdei 16 maaie fan 16.00 - 17.00 is yn de tún fan it revalidaasjesintrum fan Revalidaasje Fryslân yn Beetstersweach (Lyndensteyn) it byld 'Leren Lopen' fan Hendrik Beekman ûntbleate. Mariëlle Brouwer-Edes en ik binne tige bliid dat wy der yn slagge binne om dêrfoar it jild by elkoar te bringen en dat wy op dizze wize wat werom dwaan koenen foar alles wat de revalidaasje foar ús betsjutten hat. Hertferwaarmjend hoefolle stipe wy ûnderfûn ha by de realisaasje fan it byld. De ûnbleating waard troch in protte minsken bywenne en droech in feestelik karakter. Nei in koart programma yn it restaurant fan it revalidaasjesintrum waard it byld oerdroegen oan Mw. Gerrie Eikelboom, foarsitter fan de Rie fan Bestjoer fan Revalidaasje Fryslan, Dêrnei waard it byld offisjeel unbleate. De yndrukwekkende byienkomst waard ofsletten mei in hapke en in drankje yn it restaurant. In filmke makke troch sjoernaliste Klasina van der Werf jout in prachtige ympresje fan de ûntbleating (druk hjir)

  

Ode aan de Revalidatie 
Untbleating byld "Leren Lopen"

-

Lyts is moai

-

De skoallen moatte ta op minstens 100 bern oars binne se te lyts. De provinsje moat opgean yn in noardelike regio. Wy moatte ta op gemeenten mei 100.000 ynwenners. Mijn eigen gemeente Littenseradiel wrakselt mei de weryndieling. Ik haw yn 1980 in liet skreaun mei as titel Lyts is moai. De tekst is noch altyd aktueel.

-

Syk is ús wurk, te fier fan de grûn,                            Sulveren sluiers falle del op'e grûn.

ik haw der de striid en de oarloch yn fûn.                 Ik haw der de dea efter skimerjen sjoen

Ommers de frede hâldt op fan bestean,                    Keal wurdt it lân, fûler blaast de wyn,

wurde minsken útskeakele yn har bestean.             de greide wurdt stil en de bisten bliuwe yn.

Amper kommme we op ferhaal                                  Us Fryske gea giet mei yn de stream

en bouwe fierder oan de grutte skaal.                       fan de agro-Amerikaanse-business-dream.

Wy glide ôf nei in ik-maatskippij                                De stêd falt stikken op it plattelân,

en ik fiel my hieltiid ôfhinkliker fan dij.                      it lytse doarp is mei syn takomst oan.

-

Groei om te groeien is in dearinnend paad,             Lyts is moai, foar elk dy't it sjocht.

nee oer  de kanker wurdt leaver net praat.               It is yn de maaitiid dy't lyts libjen docht.

Mistrouwen bringe de machtshawwers mei,            It is yn de leafde, de rêst en it ljocht.

Hja prate de wierheit út de wurden wei.                    It is yn de tinzen yn frijheit betocht

Nee net fan sinten en besteklik praat,                       De wei nei Rome is net fan beton,

ik fiel it ferlet fan de minslike maat.                           en je moatte earst in hiel ein werom,

Mar salang at men grutskalich tinkt,                         om te sjen sa't it sizzen seit,

matigt nimmen in reade sint.                                     dat de wierheit yn it lytse leit.

-

-
-

Earste Dichtbondel útkommen
-
Sample ImageWoansdei 28 maart 2012 is myn earste dichtbondel útkommen mei dêryn gedichten dy't ik de ôfrûne jierren makke haw as Walddichter/Wâldsjonger foar de gemeente Achtkarspelen. In pear fan dizze gedichten haw ik ek opnommen mei Johan Keus en op in cdtsje setten dat yn de bondel opnommen is. De bondel, útbrocht troch de gemeente Achtkarspelen, sil oanbean wurde op 28 maart 2012 om 16.00 oere op it gemeentekantoar yn Bûtenpost. Tagelyk mei it ferskinen fan de bondel bin ik ophâlden as Wâlddichter en waard de nije dichter bekend makke. As jo der belang by hawwe kinne jo my maile of skilje. De opbringst giet alhiel nei de aksje Ode aan de revalidatie.
 .
TV reportaazje oer Piet Koek 
-
Tidens myn revalidaasjeperioade krige ik muzykterapy fan Piet Koek. In bysûndere man dy't yn in teve utstjoering op sneintemoarn 25 maart 2012  te sjen wie by de RKK. Druk hjir om de reportaazje te sjen. Piet Koek hat my ek begelaat op de piano op it benefytkonsert fan freed 30 maart 2012.
-
 
Maitiid
- 
Sa sûn as in fisk
fan de ien op de oare dei
wie ik útteld en ferlamme
die net oan it libben mear mei
-
 Koartsluting yn de kop
sûnder it te witten
kamen myn hân en myn foet
sûnder stroom te sitten
-fn-sytsevanderwerf
Mei in tonge as lear
sadat ik amper prate koe
en in suster freegje moast
as hja myn bôle snije woe
-
Gjin baas mear oer eigen liif
ôfhinklik as in bern
hie ik alhiel de macht
it stjoer oer mysels ferlern
-
De dagen wienen griis
dreech en sûnder faasje
skoden foarby op de maat
fan sykte en revalidaasje
-
De winter wie in lange striid
finzen efter de rúten
mar rêst, geduld en terapy
dienen mei de tiid fertuten
-
 No't de sinne wer klimt oer it lân
kleurje de foarjiersblommen
wit ik wankeljend oer it paad
stadich werom te kommen
-
Noch ferdôve troch de klap
mar bliid dat ik der noch bin
is dizze maaitiid foar my
mear as in nij begjin.
-
Dit liet haw ik opnommen
mei Piet Koek , myn muzykterapeut
-

Dichter/sjonger fan Achtkarspelen

Yn maart 2009 waard ik keazen ta dichter/sjonger fan de gemeente Achtkarspelen foar in perioade fan twa jier. Fanwege myn sykte is dat ferlinge ta trije jier. Dy trije jier sitte der no hast op. Fan de gedichten dy't ik yn dit ferbân makke haw komt der begjin oare jier in bondel út. By dat bundeltsje sit ek in CD mei in pear lieten dy't ik sjong mei begelieding fan Johan Keus. Nijer meidielings dêroer folgje. It gedicht dat ik foardroegen ha op de nijjiersgearsit fan de gemeente Achtkarspelen op 4 jannewaris 2012 kinst hearre/sjen op site fan de gemeente (druk hjir)

-

Optreden yn Rottefalle

Op 16 september 2009 fersoarge ik mei Bert Otten in optreden yn Rottevalle tidens de doarpsfeesten. Dêrfan is in stikje opnommen. Dat is te besjen op you tube (druk hjir)

-

Sliepe yn Spitkeet Harkema

Yn myn funksje fan wâlddichter/sjonger fan de gemeente Achtkarspelen sliepte ik op freed 28 augustus 2009  in nacht yn de spitkeet yn Harkema. Under oaren om ynspiraasje op te dwaan foar it folksferhalen dat op 12 septimber yn dat parkt hâlden waard. Fan dy nacht ha ik in ferhaal makke dat werom te lêzen is ûnder 'gedichten en ferhalen'.

-

Druk, druk, druk ...... de Raamambtenaar

De RaamambtenaarGoed twa jier lyn ha ik yn eigen behear in nij singel CDtsje útbrocht. It hat as titel meikrigen Druk,druk, druk mei as subtitel de Raamambtenaar. Je kinne it singeltsje bestelle troch my even in mailtsje te stjoeren. Om de kosten hoecht it net oer te gean.

 -

Mei shantykoar op stap

Dit is in aksjefoto op de merk yn Oud Beyerland dêr't song  mei shantykoar de Admiraliteitssjongers út Dokkum.

Ik ha mei dit shantykoar meiwurke oan har CD dêr't in hiele soad fan ferkocht binne en  haw gauris mei har optreden û.o. yn it tsjerkje fan Sybrandahûs.

-

Optreden Omrop Fryslân te hearen en te sjenmei hans battenberg yn Swolle

In aardich skoftsje lyn wienen wy te hearren yn it programma "Noardewyn" fan Omrop Fryslân. De opname fan dat optreden kinne jim werom hearre (druk hjir) of it liet Underweis sjen (druk hjir)

-

Nederland Leest 

Ik mei graach lêze. Dit jier stie it boek De donkere kamer van Damokles fan Willem Frederik Hermans sintraal yn it ramt fan de aksje Nederland Leest. Yn 2007 stie it boekje 'De gelukkige klas' fan Theo Thijssen sintraal. Ik ha dêrfoar doe in liet skreaun mei deselde titel (druk hjir om it ôf te lústerjen). It giet oer meester Staal en it is yn it Nederlânsk,  De tekst is werom te finen by "Gedichten en ferhalen".

Active Image